Problemen mei Fonejachtbrêge

04 jan 2003 - 00:00

De Fonejachtbrêge tusken Warten en Garyp kin net mear automatysk betsjinne wurde foar de skipfeart. De brêge wol sûnt tongersdei net mear omheech troch in defekt yn it hydraulysk systeem.

Rykswettersteat hat de brêge sneon mei de hân iepen draaid om skippen troch te litten. Doe woe de brêge net mear ticht. De brêge stie trije kertier iepen. Der ûntstienen flinke files. De brêge is no wer ticht en ferkear kin der del. Skippen moatte omfarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)