Problemen mei fargeul nei Amelân

18 okt 2003 - 00:00

De fearboat tusken it Amelân en Holwert kin net langer neffens tsjinstregeling farre as de fargeul net gau útbaggere wurdt. Troch it lege wetter yn kombinaasje mei eastewyn kaam de fearboat dizze wike al yn 'e problemen. It gefolch wie in oere fertraging.

Earder rekke fearboat Sier skânsearre, neidat de boat oan de grûn rûn. Oerlis oer de kwestje mei rykswettersteat hat net holpen. Rykswettersteat seit gjin jild te hawwen om te baggerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)