Problemen mei drompel Suwâld

24 des 2001 - 00:00

In ferkearsdrompel yn Suwâld hat Anne Joustra fan Tytsjerk tûzenen gûnen koste. Hy ried by Suwâld mei syn Mercedes oer in nagelnije ferkearsdrompel en rekke de grûn. De auto rûn dêrby skea op.

Hy hat de skea noch net fergoede krigen. Autoriders hawwe geregeld problemen mei de drompel. CDA-riedslid Maaike Prins fan Tytsjerksteradiel wol dat de gemeente warskôgingsboerden delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)