Problemen mei brânwacht-semafoan

31 jan 2006 - 21:46

Der binne yn Fryslân noch hieltiten swierrichheden mei de nije pipers fan 'e brânwacht. Yn 'e omkriten fan Stiens en Ternaard leit de frekwinsje fan it kommunikaasjesysteem C2000 sa ticht by oare netwurken, dat it sinjaal slim steurd wurdt. Ek binne der bytiden problemen mei de skermkes fan 'e pipers, dêr't de brânwachtminsken mei oproppen wurde.

De brânwacht siket yn gearwurking mei de fabrikant nei oplossings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)