Problemen mei beteljen hier

24 okt 2014 - 13:59
  • Jild

De problemen mei it beteljen fan de hier, treft ek de bewenners fan it Fryske plattelân. Dat seit direkteur Rein Hagenaars fan wenningstichting Wonen Noordwest Friesland yn reaksje op in rapport fan it Planbureau voor de Leefomgeving dat freed bekend makke is. Hagenaars is ek bestjoerslid fan Aedes, de feriening fan wenningkorporaasjes.

Lanlik koe trettjin prosint fan de hierders troch de ekonomyske krisis yn 2013 de hier net mear betelje. It giet dan om hast 400.000 húshâldens. Dat is twa kear safolle as tsien jier earder.

Hoewol't de grutste problemen yn Amsterdam en omjouwing foarkomme, wurdt de situaasje ek foar in soad Fryske hierders soarchliker. De problemen lizze neffens Hagenaars by it Ryk, dy't wenningkorporaasjes ferplichtet in ferhierdersheffing te beteljen. Dat moatte de korporaasjes dêrnei ferhelje op de hierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)