Problemen iepenbier ferfier

21 jan 2013 - 09:52

It winterwaar soarget no dochs wol foar fertragings yn it iepenbier ferfier. Troch in wikselsteuring by Gryptsjerk yn Grinslân ride der op it stuit gjin sneltreinen tusken Ljouwert en Grins. De stoptreinen ride wol. Dy binne troch it útfallen fan de rappe trein wol folle drokker. Arriva set bussen yn om alle reizgers teplak te bringen, mar minsken binne wol langer ûnderweis as gewoanwei.

It busferfier hat ek lêst fan de snie. De fertragings binne trochinoar sawat in heal oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)