Problemen Grouster museum

31 des 2010 - 09:21

Museum De Trije Gritenijen sit yn de problemen. It lytse museum yn it âlde gemeentehûs fan Boarnsterhim moat fan takomen jier ôf 4000 euro oan enerzjykosten betelje. En dat wylst se foarhinne neat hoegden te beteljen.

It gemeentehûs hat lykwols sûnt koart in nije eigner en dy wol net foar de kosten fan it museum opdraaie. It bestjoer fan it museum is no lilk op de gemeente Boarnsterhim. Dy soe yn it ferline in regeling treffe sadat it museum nea foar de kosten opdraaie soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)