Problemen gemeentehûs oanpakke

15 sep 2013 - 13:42
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De problemen op it gemeentehûs fan Smellingerlân wurde mei faasje oanpakt. Dat seit wethâlder Van der Aart fan Smellingerlân. Se fynt it in hiele toer om de swierrichheden op it gemeentehûs te ferbetterjen.

Ut in útlekte mail hat bliken dien dat de sfear op benammen de ôfdieling Publyk noch altyd min is. Underlinge ferhâldings stean op skerp, trochdat it personiel net in soad betrouwen yn de liedingjaande hat.

De problemen kamen earder dit jier oan it ljocht. Se waarden nochris befêstige troch in ekstern ûndersyk. Dat der oant no ta hast noch neat dien is, komt trochdat de simmerfakânsje dertusken sit.

Direksje en ûndernimmingsried hawwe al wol ôfspraken makke oer hoe't it no fierder moat. Der komt yn alle gefallen in eksterne begelieder op de ôfdieling Publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)