Problemen foar wettersporters

09 aug 2011 - 19:49

De plysje warskôget wettersporters mei te min ûnderfining om mei it minne waar foaral yn de havens te bliuwen. De wetterplysje en de rêdingsboaten ha it tiisdei drok hân mei it rêden fan minsken dy't yn de problemen rekke wiene.

Op de Kûfurd waarden trije Dútsers rêden troch de wetterplysje. Omstanners hellen opfarrenden fan in omsleine polyvalk út it wetter fan de Houkesleat. De rêdingsboat fan Harns moast ek in pear kear útrukke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)