Problemen foar tulpekwekers

05 aug 2000 - 16:42

Tulpekwekers yn noardeast-Fryslân krije in bollepellerstekoart. De oerheid ferbiedt it meikoarten foar bern ûnder 16 jier om bollen te pellen. In oplossing is om it wurk mei masines te dwaan.

It wurk oan de rinnende bân soe tefolle stress as gefolch ha. De pellers wurkje boppedat faak yn in rûmte mei heftrucks. Wetlik sjoen is dat in licht-yndustriële omjouwing en dêr meie bern net wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)