Problemen fisk yn Toppenhuzen

10 sep 2011 - 10:25
  • De einen litte it harren goed smeitsje (foto: Omrop Frysl6an0

Yn in feart yn Toppenhuzen binne op it stuit protten lytse fiskjes yn de problemen. Se komme boppe wetter om te sykheljen. De fisk swimt flak ûnder wetter fan in stik wetter dat sa'n trije by tweintich meter is. Wat der krekt mis is, is net rjocht dúdlik. Nei alle gedachten sit der te min suerstof yn it wetter. Ferline wike hat de brânwacht fan Appelskea yngripe moatten om fisk te rêden út de Earste Wyk dêr. Dêr spile itselde probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)