Problemen fergees wifi Heech

12 sep 2013 - 14:55

De VVV Súdwest-Fryslân is posityf oer it gebrûk fan fergees wifi fan 't simmer yn Heech, mar grutte parten fan it doarp binne noch net oansletten op it systeem. En dat wylst der yn earste ynset nei bûten ta brocht is dat yn it hiele doarp fergees ynternet te krijen wêze soe. Dat seit direkteur Robert Toussaint fan de VVV Súdwest-Fryslân. Hy neamt it in kommunikaasjeflater en wol om tafel mei Fryslân Ring om it netwurk út te wreidzjen.

Pepijn Lavrijssen fan Fryslân Ring seit dat fan it begjn ôf dúdlik west hat dat der net mear as fiif stjoerders pleatst wurde soene en dat dy stjoerders net genôch berik ha om it hiele doarp fan fergees wifi te foarsjen. Der wie foar dizze provinsjale pilot ek net genôch jild beskikber om mear stjoerders del te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)