Problemen fanwege stand-still

05 apr 2003 - 00:00

By molk- en plomfeebedriuwen ûntsteane swierrichheden. As de molktank dit wykein fol rekket, sil de molke de jarreput yn moatte. Fanwege de stand-still yn de plomfeesektor meie de molkweinen it hiem net mear op. Ek boeren dy't foar de hobby in pear hinnen hâlde, hawwe hjirmei te meitsjen.

By boeren dy't yn 'e knipe komme om't it hinnefoer op is, mei wol foer brocht wurde. Dat hat it ministearje besluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)