Problemen by drafbaan Wolvegea

28 aug 2009 - 09:22
  • Drafbaan yn swier waar

De eigner fan de drafbaan yn Wolvegea hat útstel fan betelling oanfrege. Hy kin de rekkens net langer betelje. Hoe't de takomst der foar de drafbaan útsjocht, moat yn de kommende wiken dúdlik wurde.

Yn hiel Nederlân giet it min mei de drafsport. Der komme minder besikers en ek it tal weddenskippen nimt ôf. Bewâldfierder Christiaan Mensink sil yn de kommende wiken besykje in oplossing te finen, wêrby't de ynset is om de drafbaan te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)