Problemen brêge Spannenburch

30 sep 2010 - 21:36

De brêge fan Spannenburch wurdt pleage troch steuringen. Geregeld binne de slachbomen in skoft ticht en kinne auto's net fierder, wylst de brêge net iepen is foar de skipfeart. Ungeduldige automobilisten besykje dan geregeld de bomen mei de hân iepen te krijen, seit de provinsje, dy't eigner is fan de brêge.

Ofrûne freed wie de brêge troch in steuring twa oeren blokkearre. Yn de ried fan Skarsterlân libje soargen oer de berikberens foar helptsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)