Problemen brânwacht Fean oanpakt

29 jan 2003 - 00:00

De brânwacht fan It Hearrenfean hat woansdei in tal plannen presintearre om de problemen yn it korps oan te pakken. Om wat te dwaan oan de minne húsfesting wurdt in nije kazerne boud oan de Rottumerwei.

De earder oanstelde ynterim-kommandant Roodveldt moat de ynterne problemen oanpakke. Hy moat derfoar soargje dat it Feanse korps mear gearwurkje wol mei dat fan Skarsterlân. Ek wurdt in ekstern buro ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)