Problemen boubedriuw Noppert

17 apr 2012 - 15:23

Boubedriuw Noppert fan It Hearrenfean sit yn finansjele problemen. It bedriuw hat útstel fan betelling oanfrege. Moandei is it personiel op de hichte brocht. By it bedriuw wurkje 120 minsken, ferline jier binne al 40 ûntslein. It personiel hat skokt reagearre op it nijs.

It bedriuw bout yn hiel it Noarden wenten, apparteminten en gebouwen en hat jierliks in omset fan 45 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)