Problemen by boeking Lawei

04 aug 2010 - 19:42
  • Foto: Omrop Fryslân

De Lawei yn Drachten hat it online boekingssysteem wer oanpasse moatten fanwege ûndúdlikens. Diskear gie it om it bestellen fan kaarten foar Pake Sytse. By it ynfoljen fan it adres moasten keapers in fakje oanklikke, mar dat waard net dúdlik oanjûn. It is no oanpast. De kaartferkeap foar Pake Sytse rint goed. Der wurde sels ekstra foarstellings spile.

By de yntroduksje fan it nije online bestelsysteem, yn maaie, wiene der ek problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)