Problemen boaten nei eilannen

09 des 2002 - 00:00

De fearboat fan Skiermûntseach hat op dit stuit problemen troch de hurde eastewyn. Dy makket dat it wetter op it Waad noch leger stiet as oars. De boat fan healwei achten koe dêrom pas om njoggen oere de haven útfarre. Ek de boat fan healwei tsienen rûn fertraging op.

De snelboat fan Harns nei Skylge, de Koegelwieck, fart moandeitejûn in oere letter as gewoanwei troch it lege wetter. De boat fertrekt om 18.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)