Problemen Antillianen oplost

20 aug 2009 - 15:11

De problemen mei Antilliaanske risikojongeren yn Ljouwert binne foar in grut part oplost. Dat skriuwe B en W yn har einrapportaazje oer dit ûnderwerp. Ut sifers docht bliken dat it tal Antilliaanske skoalferlitters mei 30 persint weromrûn is.

De kriminaliteit ûnder Antillianen is yn Ljouwert mei 37 persint ôfnommen. Der is neffens de gemeente fjouwer jier lang yntensyf ynvesteard yn de Antiliaanske jongeren, mei jild fan sawol de ryksoerheid as fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)