Problemen achterstânswiken

01 sep 2009 - 15:02

Fryske jongeren dy't yn in achterstânswyk wenje, komme twa kear sa faak yn 'e problemen as jongeren dy't yn bettere wiken wenje. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it UMCG yn Grins. It giet om jongeren tusken de 11,5 en 13,5 jier. De jeugd yn achterstânswiken is bygelyks faker belutsen by fjochtpartijen, brânstifting en stellerij.

Undersikers fan it UMCG ûndersochten de psychyske sûnens fan 2250 jongeren yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)