Probleem wetterskipsferkiezing

13 nov 2008 - 21:59
  • Soargen foar de dykgraaf

Der driget in grut tal ûnjildige stimmen útbrocht te wurden by de wetterskipsferkiezings. Hûshâldens mei mear as ien kiezer krije ek meardere stimbiljetten. Dat stimbiljet hat per persoan in eigen koade. By minsken thús kinne de stimbiljetten en de koades troch elkoar reitsje, sadat je net mear witte fan wa't hokker koade is en net mei it goeie papier stimme.

It wetterskip hat der al ferskate telefoantsjes oer hân en warskôget minsken om der goed om te tinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)