Probleem troch nije eksamendei

29 maaie 2013 - 10:30
  • Eineksamens

It vwo-eksamen Frânsk is ferpleatst nei tongersdei 13.30 oere. Dat hat it College voor Examens woansdei witte litten. It eksamen lekte tiisdeitejûn út fia ynternet. It ferskode eineksamen bringt in soad praktyske problemen mei him mei. Foar de vwo-learlingen is Frânsk it lêste eksamen en in soad bern geane fuort dêrnei op fakânsje. Op OSG Sevenwolden op It Hearrenfean spilet noch in oar probleem: de bigband fan dy skoalle reizget tongersdei ôf nei Kroäsië, om dêr te spyljen. Yn dy bigband sitte trije learlingen dy't it eksamen dwaan moatte.

Sy geane nei it eksamen mei syn trijen op it fleantúch nei Italië, dêr wurde se opwachte troch in learaar, dy't har mei de auto by de bigband bringt. Skoallen krije in nij eksamen digitaal tastjoerd en moatte der no sels foar soargje dat alles op 'e tiid download en printe wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)