Probleem mei Koga Miyatafytsen

23 feb 2007 - 15:31
  • Koga Miyata hellet 5000 fytsen werom
  • dizze bout is de oarsaak fan it probleem

Fytsefabrikant Koga Miyata fan It Hearrenfean hellet 5000 fytsen werom nei de dealer. In pin ûnder it seal kin lossjitte. De bout wêrmei't de pin fêstsit, kin brekke as in fytser it seal ferkeard fêstset. Al in pear minsken binne sa licht ferwûne rekke.

It giet om 18 typen toermodellen dy't tusken 2001 en 2004 ferkocht binne. It grutste part is yn Nederlân ferkocht. Eigners fan in Koga Miyata-fyts krije fergees in nij seal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)