Pro-formasitting Udo D. op 28 jannewaris

08 jan 2016 - 16:51
  • Justysje

Ljouwerter Udo D. moat op 28 jannewaris foar de rjochter komme. De eks-tbs'er wurdt fertocht fan moard op in 68-jierrige frou út Ljouwert. Hy soe har deaslein hawwe mei in flesse op de Alde Lune yn Ljouwert.

Ek fertinkt it Iepenbier Ministearje him fan it besykjen ta deaslach op in 23-jierrige frou op De Weaze yn Ljouwert. Hy stuts har mei in skerp foarwerp yn de hals.

Op deselde dei soe Udo D. ek noch twa froulju mishannele hawwe, yn parkeargaraazje De Klanderij en op it parkearplak by de supermerk oan de Tynjedyk.

De sitting ein jannewaris is in pro-formasitting. Hjirop wurdt bepaald oft der noch fierder ûndersyk nedich is, of dat de saak ynhâldlik behannele wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)