'Prizeslach min foar Flylân'

17 maaie 2013 - 12:28

Flylanner ûndernimmers binne benaud dat se it slachtoffer wurde fan de striid tusken de rederijen Doeksen en Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) fan Skylge. De prizeslach tusken de oerfarders giet benammen ta skea fan Flylân, tinke de ûndernimmers. De rederijen stunte mei prizen nei Skylge, wylst de prizen nei Flylân net feroarje. Boppedat driget it tal oertochten te ferminderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)