Prizen útrikt foar keunstkij

24 jul 2000 - 18:10

Minister Jorritsma hat snein yn Ljouwert de prizen útrikt fan de moaiste keunstkij yn it ramt fan 'Fryslân, lân fan kij'. De sjuerypriis gie nei de ko fan Bote van der Wagen, dy't der fisken en in havengesicht op skildere hie.

De publykspriis wie foar in swartbûnte knuffelko, makke troch Leo van der Veen fan It Hearrenfean. As ôfsluting wurde de keunstkij yn septimber feild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)