Prizen op Filmfestival

16 nov 2009 - 10:02

De koarte fiksjefilm Niland 1 fan de Spaanske Rocio Rodriguez en de Dútske Marius Leneweit hat de Fryske ynternasjonale Media Art Award wûn. De priis waard útrikt op de 31e edysje fan it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert dat it ôfrûne wykein hâlden waard.

De Turkse film Autumn wûn de Interregiokompetysje. De film Nothing Personal fan de Pools-Nederlânske Urszula Antoniak krige de publykspriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)