Prizen foar moaiste kuierpaden

25 jan 2007 - 19:00

Lânskipsbehear Fryslân hat in priisfraach útskreaun foar nije kuierpaden yn de provinsje.

Minsken dy't in moai paadsje witte dat eins oanlein wurde moatte soe, oft dat in oanslúting krije moat op in oar stik paad, kinne meidwaan. De alve moaiste ynstjoerings yn Fryslân krije in dikke priis fan 10 tûzen euro. It moaiste kuierpaad makket ek nochris kâns op de lânlikke haadpriis fan 30 tûzen euro. Ynstjoere kin oant 1 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)