Prizen fan keapwenten sakje

21 nov 2008 - 13:22

De prizen fan keapwenten yn Fryslân binne yn oktober sakke yn fergeliking mei in moanne earder. Dat blykt út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk en it Kadaster. Fryslân is net de iennichste provinsje dêr't de prizen sakje, mar de delgong is hjir wol it grutst. Grutte ferskowings binne it net, want we hawwe it oer in delgong fan 2,2 prosint.

Oer it hiele jier binne de huzeprizen noch wol wat omheech gien. Neffens it CBS 'ûntspant' de Fyrske huzemerk him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)