Prizejild Epke nei iisklup

17 jan 2014 - 22:25
  • Epke, wrâldkampioen yn Antwerpen

Epke Zonderland hat it klassemint fan it Lotto Sport Momint fan 2013 wûn. De priis, in bedrach fan 5000 euro, giet nei de iisklup yn syn berteplak De Lemmer. Yn oktober sleepte Epke ek al de moannepriis fan de Lotto yn de wacht. Dy priis, 2000 euro, gie nei de turnferiening DOS, dêr't hy as lyts jonkje begûn is.

De iisklup is dwaande mei de bou fan in nij kluphûs en hie de begrutting dêrfoar noch net hielendal rûn, it jild is dus mear as wolkom. Epke krige mei it fragmint fan syn wrâldkampioenskip 33% fan alle stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)