Privatisearing swimbad Paradyske

06 jul 2001 - 00:00

De gemeenteried fan Kollumerlân hat besletten dat in advysburo de privatisearring fan swimbad It Paradyske by Kollum op har nimme sil. De ried stelt 36.000 gûne beskikber foar de earste fase fan it privatisearringsproses.

Kollumerlân wol noch dit jier fan it ferliesjouwende swimbad ôf. It Paradyske komt dit jier hast 240.000 gûne tekoart. Foarich jier wie it tekoart rom 2,5 ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)