Priuwe, rûke en sjen op smaakfestijn yn Drachten

06 apr 2015 - 12:56
  • Priuwerijbeurs Zmaakfestijn yn Drachten

Leafhawwers fan iten sieden kinne op peaskemoandei yn Drachten nei in smaakbeurs. It Zmaakfestijn fynt plak yn it Adverium oan de autobaan A6. Bedriuwen presintearje harren dêr en besikers kinne iten en drinken priuwe. Der binne ek lêzings, bygelyks fan in ortomolekulêr saakkundige oer sûn iten. In oarenien hâldt in lêzing oer distilleartechniken.

It Zmaakfestijn rjochtet him benammen op biologysk en duorsem iten út de streek. De bekende Fryske kok Reitse Spanninga stiet op de beurs iten te sieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)