Printerij Hanzedruk oernommen

25 jan 2011 - 17:59

Drukkerij Hanzedruk fan Boalsert wurdt op 1 febrewaris oernaam troch Grafische Groep Van der Eems fan Easterein. De oername sil fuortendaliks gjin sichtbere feroarings fan gefolgen hawwe.

De namme Hanzedruk sil bestean bliuwe, lykas de festigings, it logo en de tillefoannûmers. Der binne ek gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid by de Boalserter drukkerij. Beide bedriuwen hoopje mei de oername better klear te wêzen op takomstige ûntwikkelings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)