Prinsipemoasje by Steaten

20 mrt 2002 - 00:00

De Steaten fan Fryslân ha har woansdei útsprutsen tsjin it ferlytsen fan Provinsjale Steaten. De FNP hie in moasje yntsjinne dat it ledetal op 55 bliuwe moat en net nei 43 gean mei.

Mear as in prinsipeútspraak is de moasje net. De Twadde Keamer hat al besletten dat it ledetal werom giet. Dat giet ten koste fan lytse partijen en dêr binne de steaten it net mei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)