Prinseskes treaste Sven Kramer

25 feb 2010 - 09:42

De trije dochters fan Prins Willem Alexander en Prinses Máxima hawwe reedrider Sven Kramer treaste nei syn diskwalifikaasje op de Olympyske tsien kilometer. De prinseskes Amalia, Alexia en Ariane hawwe tekeningen foar Kramer makke.

De famkes sieten mei heit en mem op de tribune doe't coach Kemkers Kramer de ferkearde baan op stjoerde. De bern folgje omtrint alle wedstriden fan de Nederlânske reedriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)