Prins-petysje yn Den Haach

21 maaie 2013 - 17:09
  • Posteraksje by Prins Dokkum

In delegaasje fan it fangrailfabryk Prins yn Dokkum sil woansdei yn Den Haach in petysje oanbiede oan de kommisje sosjale saken en wurkgelegenheid fan de Twadde Keamer. Dit yn ferbân mei de sluting fan it bedriuw. Yntusken is de twadde ronde klear oer de oanfraach fan de ûntslachfergunnings troch de direksje fan Prins by útkearingsynstânsje UWV.

De útspraak wurdt takom wike ferwachte. De delegaasje dy't nei Den Haach giet bestiet út it fakbûn, de ûndernimmingsried en ien fan de froulju fan de wurknimmers fan Prins Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)