Prins Henk is 'baas fan Snits'

21 feb 2004 - 00:00

Snits hat alwer in nije boargemaster. Nei de krekt oanstelde Arno Brok is de kommende dagen Prins Henk de baas fan 'e Wetterpoartestêd. De Prins Karnaval fan 'e pleatslike feriening De Oeletoeters is yn it deistich libben molkehanler yn 'e Hommerts.

Ek Bakhuzen, Blauhûs en Dronryp fiert karaval. It fan oarsprong katolike fest duorret oant woansdei. De Oeletoeters litte de âlderein yn ferpleechhûs De Ielannen meidiele yn 'e feestfreugde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)