Prins Hendrikstrjitte ticht

02 jan 2013 - 13:50
  • Prins Hendrikstrjitte yn Ljouwert

De Prins Hendrikstrjitte yn Ljouwert wurdt tenei op tongersdei, freed en sneon tusken 12 oere jûns en 6 oere moarns ôfsletten foar trochgeand ferkear. De gemeente nimt dizze maatregel fanwege it grut tal meldings oer ferkearsoerlêst. In soad automobilisten ride dan hieltyd rûntsjes fia de Prins Hendrikstrjitte en it Ruterskertier.

It ferbod jildt net foar bewenners en bedriuwen yn de strjitte. Stedstasicht en de plysje sille kontrolearje en oertreders krije in bekeuring. Nei trije moanne sil besjoen wurde oft de maatregel genôch holpen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)