Prins frijwilliger fan 't jier

21 jan 2007 - 10:19

IJde Prins fan de Westerein hat sneon de priis Frijwilliger fan it Jier 2006 yn de gemeente Dantumadiel krigen. Wethâlder Hijlkema rikte de priis út. It is foar de fjirde kear dat de gemeente Dantumadiel de priis útrikt.

Prins is al 25 jier de driuwende krêft achter de wettersportferiening fan de Westerein. Hy hat him bot ynset foar de komst fan in jachthaven yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)