Prins: Dokkum yn mineurstimming

18 sep 2003 - 00:00

Dokkum is yn mineurstimming no't bekend is dat der by metaalbedriuw Prins sawat 90 minsken út moatte. Prins is ien fan de grutste bedriuwen yn de gemeente Dongeradiel. It nijs rekket in soad minsken.

It finen fan in nije baan yn Dokkum en omkriten is lêstich, omdat de yndustry dêr net sa bot ûntwikkele is. De direksje fan Prins hat noch gjin reaksje jûn. Se komme oer fjouwer wiken mei mear ynformaasje en dúdlikens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)