Prins Dokkum ûntkent útspraken

11 apr 2013 - 14:18
  • Staking Prins Dokkum

Direkteur Herman Odijk fan it fangrailfabryk Prins yn Dokkum ûntkent de beskuldigings fan de fakbûnen dat hy meiwurkers it rjocht op juridyske stappen ûntsizze wol as betingst foar it sosjaal plan.

Nei wiken fan staken en ûnderhanneljen hiene de bûnen en de direksje oerienstimming oer in sosjaal plan, mar neffens it bûn FNV easke Odijk op it lèste momint in tasizzing fan de meiwurkers dat se har ûntslach net by de rjochter oanfjochtsje sille. It bûn is poer oer dy eask. Neffens Odijk jilde dy eask foar it fakbûn en net foar de meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)