Prins Bernhard ferstoarn

02 des 2004 - 11:57

Woansdeitejûn is Prins Bernhard (93) ferstoarn yn it Universitair Medisch Centrum yn Utrecht. De heit fan Keninginne Beatrix kaam te ferstjerren oan de gefolgen fan kanker. De Prins hie tumoaren yn longen en terms.

De ôfrûne dagen krige de Prins in soad besite fan famylje op Paleis Soestdijk. Woansdei waard Bernhard oerbrocht nei it sikehûs omdat hy hurd achterút gie. Op fersyk fan 'e Prins waard ôfsjoen fan fierder medysk hanneljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)