Princessehof krijt flinke stipe

19 apr 2004 - 00:00

It Princessehofmuseum yn Ljouwert krijt 240.000 euro yn it jier derby. Dat advys stiet yn de nije kultuernota fan de Raad van Cultuur. Direkteur Van 't Veen is bliid mei de stipe. Sa kin it museum ta nasjonaal keramykmuseum útgroeie.

It Noord Nederlands Orkest en Opera Spanga ha te meitsjen mei besunigingen. It Noardlik Filmfestival krijt gjin jild. Stipe moat net fan it ryk komme, mar fan gemeente en provinsje, sizze se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)