Primeur yn Stiens: it iepen Frysk kampioenskip iisswimmen

17 jan 2016 - 15:27
  • It swimbad yn Stiens wie it dekôr fan it iepen FK iisswimmen

Alve dielnimmers stiene snein yn Stiens oan de start fan in primeur yn Fryslân: it iepen Frysk kampioenskip iisswimmen. Fiif Friezen, ien Grinslanner en fiif Hollanners giene it gefjocht mei de kjeld oan.

De swimmers koene kieze út twa ôfstannen yn it iepenloft swimbad fan sportkompleks It Gryn, de 100 en 450 meter. Winners fan de langste ôfstannen wiene Bouke Doornbosch út Súd-Hollân en Marjon Huibers út Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)