Primeur útstalling 'Oorlogskind'

14 mrt 2005 - 17:41

Fryslân hat ein maart de primeur fan de nasjonale útstalling 'Oorlogskind, een tentoonstelling in twaalf provincies'. De útstalling is opset troch it Nederlânsk ynstitút foar oarlochsdokumintaasje, it NIOD.

Persoanlike ferhalen fan tolve bern út de jierren 1940-1945 stean sintraal. It is dit jier 60 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. De útstalling sil te sjen wêze yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert fan 25 maart oant 24 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)