Primeur: nije simmerhit Omrop

12 jun 2009 - 14:31
  • Raynaud Ritsma en Aafke Zuidersma sjonge de nije simmerhit

Omrop Fryslân hat dizze simmer wer in nij simmerliet foar Simmer yn Fryslân. Raynaud Ritsma en Aafke Zuidersma sjonge it nûmer 'It is simmer'. It giet oer it bêste plak om de simmerfakânsje troch te bringen en dat is Fryslân.

It ferske is, krekt as foargeande jierren, komponearre troch Martijn Engbrenghof. Jan Durk de Haan hat de tekst makke. Beide wurkje by Omrop Fryslân. It nûmer wurdt brûkt yn de simmerkampanje fan de Omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)