Primeur: lânboupaad by Gordyk

15 jul 2011 - 11:33
  • Deputearre Galema yn de trekker op it lânboupaad
  • De trije paden: foar fyts, trekker en auto

Tusken Terwispel en De Gordyk is freed it earste lânboupaad fan Fryslân iepene. Oer dy dyk meie inkeld trekkers ride. It lânboupaad rint njonken de autodyk en dêrneist is wer in apart fytspaad.

Gewoanwei is in paralleldyk foar sawol fytsers as lânbouferkear bedoeld, mar op guon plakken is dat net feilich genôch. Mei trije ferskate stroken foar fytsers, trekkers en auto's moat it tal ferkearsdeaden werom brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)