Primeur hybride ambulânse

29 jan 2010 - 13:28

De Kijlstra Ambulânse Groep út Drachten giet as earste yn Nederlân op paad mei in griene ambulânse. It giet om in hybride ambulânse dy't rydt op ierdgas, mar by need oerskeakelje kin op benzine.

De ambulânse sil earst noch net ynset wurde foar haastgefallen om't Kijlstra der earst hielendal wis fan wêze wol dat de technyk 100 persint betrouber is. Ambulânsebouwer Visser út Ljouwert hat de griene ambulânse makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)