Primeur foar Skarsterlân

14 mrt 2006 - 10:59

Skarsterlân hâldt tongersdei as earste gemeente yn Fryslân in naturalisaasje- seremoanje. Dêrfoar binne minsken útnoege dy't koartlyn de Nederlânske nasjonaliteit krigen ha. Op it gemeentehûs krije se harren Nederlânske paspoart.

Fan 1 oktober ôf binne alle gemeenten ferplichte om sa'n seremoanje te hâlden. Wa't dan net yngiet op de útnoeging, wurdt gjin Nederlanner en moat in nij fersyk yntsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)